Grutte fjochterij Frijheidswyk

19 jun 2013 - 21:12

De plysje hat woansdeitejûn yngrepen by in grutte fjochterij yn de Frijheidswyk yn Ljouwert. Tsientallen minsken wiene meielkoar oan it fjochtsjen. Ek binne guon minsken bedrige. Der is al langere tiid rúzje tusken twa groepen yn de Frijheidswyk. Justerjûn rûn it út 'e hân. Nei ferskate meldings is de plysje mei in stik as tweintich aginten en plysjehûnen der op ôf gien. Se ha de groepen útelkoar helle en twa minsken binne oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)