Nije partner SC Hearrenfean
Sportklup Hearrenfean giet nau gearwurkjen mei fuotbalferiening MSC út Meppel. Woansdeitemiddei ha beide sportklups dêrfoar in oerienkomst tekene. Der wurdt benammen gearwurke op it mêd fan scouting fan jeugdspilers. MSC is de sânde amateurklup dy't in gearwurkingsoerienkomst hat mei SC Hearrenfean.