SP: Nuon-jild nei wenningbou

De steatefraksje fan de SP wol 65 miljoen euro fan de Nuon-jilden stekke yn in fûns foar it opknappen fan wenten. Wenningboukorporaasjes kinne der gebrûk fan meitsje om wenten op te knappen of nij te bouwen. Dat moat de korporaasjes oansette om te ynvestearjen yn sosjale wenten. Boppedat soarget it foar wurkgelegenheid by boubedriuwen. Neffens de SP kin der sa goed trijetûzen huzen boud wurde foar minsken mei in lytse beurs.