Knipepunt Herfte gau oplosse

De noardlike provinsjes wolle sa gau mooglik in oplossing foar spoarknooppunt Herfte by Swol. De belutsen provinsjes ha dêr elts 10 miljoen euro foar oer. Herfte is ien fan de drokte spoarknooppunten fan Nederlân. Dat is ûntstien nei de oanlis fan de Hanzelijn. Om yn de takomst treinen op tiid ride te litten is in útwreiding fan it tal spoaren needsaaklik.
Neffens deputearre Johannes Kramer is 40 miljoen euro lykwols net genôch. Hy wol ek in bydrage fan it Ryk. Nije wike wurdt oerlein mei steatssiktaris Mansveld.
De oanpassing moat foar 2020 klear wêze.