Nick & Simon op treinstasjon

Treinreizgers op it stasjon yn Ljouwert binne woansdei ferrast mei in optreden fan sjongduo Nick en Simon. Op ferskate stasjons yn it Noarden hat it duo optreden. De optredens wiene oant koart derfoar stilhâlden en pas let buorkundich makke op Twitter. Dat wie likegoed aardich effektyf, want it optreden yn Ljouwert luts in protte jongfolk.
Nick en Simon binne troch de NS frege om de optredens te jaan.