Stappers út de tiid troch GHB

14 jan 2012 - 14:06

De plysje trof freedtenacht yn Ljouwert trije stappers oan dy't safolle GHB hân hiene dat se út de tiid rekken. Op de Stasjonswei lei in Ljouwerter (29) op strjitte. De man kaam by doe't de plysje by him wie en is troch in freon nei hûs ta brocht. In twadde Ljouwerter (31)lei yn de Alde Doelesteech.

Doe't de man op de brankaar fan de ambulânse lei, kaam hy by en koe sels nei hûs ta komme. Dat wie ek it gefal by in stapper dy't yn in kafee oan de Poststrjitte net goed wurden wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)