Ljouwert is fyfde kultuerstêd

Kulturele Haadstêd 2018 © Kulturele Haadstêd
Ljouwert is op it mêd fan kultureel oanbod de fyfde stêd fan Nederlân. Dat docht bliken út de kultuerkaart dy't makke is troch ûndersikers fan 'e Atlas foar gemeenten. Op de ranglist fan 'e 50 grutste gemeenten fan Nederlân stiet Ljouwert op it fyfde plak nei Amsterdam, Grins, Utert en Leiden.
Ljouwert skoart wol in stik better as de stêden Maastricht (8), Den Haach (10) en Eindhoven (17). Fan de stêden dy't lykas Ljouwert kandidaat Kulturele Haadstêd fan Europa binne moat Ljouwert allinnich Utert (3) foargean litte.
De kultuerkaart is basearre op in nij ûntwikkele yndeks nei it ferskaat fan kultueroanbod. De yndeks sjocht nei saken as poadiumkeunsten, byldzjende keunst, erfguod, boekwinkels en film.
De top tsien kultuerstêden fan Nederlân is:
1. Amsterdam
2. Grins
3. Utert
4. Leiden
5. Ljouwert
6. Den Bosch
7. Nijmegen
8. Maastricht
9. Haarlim
10. Den Haach
Hielendal ûnderoan de ranglist steane de plakken Schiedam, Lelystad, Vlaardingen, Almere en Spijkenisse.