Warskôging foar swiere buien

Wjerljocht © Anton Kappers
Waarman Piet Paulusma warskôget woansdei foar swiere tongerbuien. Dêrtroch kin wetteroerlêst ûntstien. Yn de buien kin ek hagel foarkomme en swiere wynstjitten. Wettersporters wurde advisearre om net it wetter op te gean. Ek it ferkear kin lêst krije fan de swiere buien. De buien kinne sawol woansdei, woansdeitejûn- en nacht en tongersdei foarkomme. Freed sjocht it waar der neffens Paulusma wer hiel oars út; in soad bewolking mei rein en temperatueren fan 17 oant 19 graden.