Westra wol twadde tiidrittitel

Lieuwe Westra begjint woansdeitemiddei yn it Grinzer Winsum om fjouwer minuten oer trijen oan it Nederlânsk kampioenskip tiidriden. De regearend kampioen fan De Tynje is de lêste dy't oan de 52,6 kilometer begjint. Westra gong fjirtjin dagen lyn yn it Critérium du Dauphiné yn Frankryk hurd ûnderút. Mei kniesde ribben, in seare earmtakke en skouder moast er in pear dagen letter de koers ferlitte. It giet no wer in stik better mei de hurdfytser. Hy besjocht it as in moaie tarieding foar de grutte koersen lykas de Tour de France.
Westra ferskynt fan 'e middei om fjouwer minuten oer trijen oan de start.