Sortearsintrum PostNL nei IBF

14 jan 2012 - 11:41

Postbedriuw PostNL iepenet in sortearsintrum op It Hearrenfean. Dit smyt de gemeente foar de kommende jierren tusken de 500 en 700 banen op. It sintrum komt yn it eardere ûnderkommen fan 'e Amerikaanske kompjûtergigant SCI op it businesspark IBF.

PostNL begjint fan sneon ôf mei it sluten fan 300 bestelkantoaren yn Nederlân. Dêrfoar yn it plak komme grutte sintrale sortearsintra. De gemeente Hearrenfean is bliid mei de komst fan it bedriuw.

Post NL hiert it eardere gebou fan kompjûterfirma SCI foar fiif jier. PostNL kiest dêrfoar omdat it bedriuw ferwachtet dat de postmerk de kommende jierren drastysk ynkrimpe sil. Minsken ferstjoere hieltiten minder post. Fan 't hjerst sil it nije sortearsintrum los.

Trefwurden: 
IBF sortearsintrum post PostNL
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)