Koart pleit Icedôme op 4 july

Untwerp fan Icedôme
Op tongersdei 4 july tsjinnet it koart pleit fan Icedôme yn Almere tsjin reedrydbûn KNSB. Icedôme wol oanwiisd wurde as topsportlokaasje foar it reedriden.
In seleksjekommisje wiisde de noch te bouwen iishal yn Almere earder al oan as favoryt. Nei protest út Fryslân kaam de KNSB dêrop werom. Mar Icedôme gie dêr net mei akkoart en spande in koart pleit oan. Neist Almere en Thialf is de iishal fan Zoetermeer ek yn de race as topsportlokaasje.