Foar de 4e kear gjin rydbewiis

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter is moandei syn auto kwytrekke yn it Noard-Hollânske Bergen. By in plysjekontrôle joech er in falske namme op. Doe't de plysje derachter kaam dat dy namme net bestiet, joech er syn echte namme op. Dêrnei die bliken dat de man gjin rydbewiis by him hie. It wie de fjirde kear dat er trapearre waard op autoriden sûnder rydbewiis.
De plysje hat de 53-jierrige Ljouwerter meinaam nei it buro. Syn auto is yn beslach naam.