OSSH wol ek ûndersyk

18 jun 2013 - 14:46

Sakeklup OSSH fan SC Hearrenfean wol dat der in ûndersyk komt nei de gong fan saken by de klup. Earder hiene de supportersferienings, Aktie '67 en trettjin ferûntrêste sponsors ek al oproppen om mei in ûndersyk te kommen. De sakeklup fynt dat der in oplossing komme moat foar de ûnrêst by de fuotbalklup. De OSSH hat oan it stiftingsbestjoer kenber makke dat it ûndersyk net troch ien persoan dien wurde moat, mar troch in gruttere, folslein ûnôfhinklike groep. Earder hie it stiftingsbestjoer dr. Nobelen oansteld om in ûndersyk te dwaan.

Tiisdei of woansdei wurdt bekend wat it stiftingsbestjoer dwaan sil. Dokter Paul Nobelen, de man dy't earder oanwiisd is om it ûndersyk te dwaan, giet der noch altyd fanút dat it ûndersyk trochgiet en foar 15 augustus klear wêze moat. Op de fraach oft boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean benadere is om it ûndersyk te dwaan, wol er gjin kommintaar jaan.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean OSSH
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)