Eks-frou slim bedrige
De plysje hat ôfrûne nacht yn de wyk Hearrenfean-Midden in 45-jierrige Feanster oanhâlden foar bedriging. De man hie syn eks-frou slim bedrige.
Der wiene mooglik wapens yn it spul. Dêrom waard it arrestaasjeteam ynset. Dat team hat de man oppakt. Der waarden lykwols gjin wapens oantroffen. De fertochte Feanster sit fêst op it buro.