Dieders mishanneling melde har

18 jun 2013 - 13:56
Geweld - Foto: Omrop Fryslân

De plysje wit wa't de dieders fan de swiere mishanneling fan freedtenacht yn Ljouwert binne. Op it Saailân waard in 17-jierrige jonge ûnder oare tsjin de holle skopt doe't er al op de grûn lei. Twa jonges hawwe harren telefoanysk melden as dieders. De namme fan de tredde persoan is ek bekend by de plysje.

De trije jonges moatte harren noch persoanlik melde op it plysjenburo. De plysje hie kamerabylden fan de mishanneling. Dêrop wiene de dieders goed te sjen.

Trefwurden: 
mishanneling
(Advertinsje)
(Advertinsje)