Airbags en tomtoms stellen

Airbag
By fjouwer auto-ynbraken yn Snits en op 'e Jouwer binne ôfrûne nacht airbags en navigaasjesystemen stellen. Yn Snits waard ynbrutsen yn twa parkearde auto's oan de Keizersmantel en Parelmoervlinder.
Dyselde nachts waard ek ynbrutsen yn twa auto's oan de Oksewei en de Swel op 'e Jouwer. Ut de weinen waarden ynboude navigaasjesystemen en airbags meinaam. De dupearren hawwe oanjefte dien.