Searje-oerfaller pakt

18 jun 2013 - 12:02

In 18-jierrige Ljouwerter wurdt ferantwurdlik hâlden foar in seistal oerfallen op lytse ûndernimmers yn de stêd. De plysje hat de fertochte tiisdeitemoarn oppakt. Sûnt maart wiene der oerfallen op Sineeske restaurants, in snackbar, in blommesaak, in sigaresaak en in drogist.

Yn it ûndersyk fan de plysje kaam de 18-jierrige man út Ljouwert nei foaren. Hy sit fêst. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)