Bedriging en himpkwekerij

18 jun 2013 - 11:42

De plysje hat moandeitemiddei yn de Sontdwersstrjitte yn Ljouwert in 43-jierrige ynwenner fan de stêd oanhâlden foar bedriging. Plysjes wiene nei syn hûs gien, omdat se op syk wiene nei in Ljouwerter dy't heard wurde moast. Dy soe yn it hûs fan de 43-jierrige man sitte, mar de plysje fûn him dêr net.

De bewenner waard lulk op de plysjes en bedrige harren. De Ljouwerter waard dêrop oanhâlden en nei it buro brocht. By it trochsykjen fan syn hûs fûn de plysje in himpkwekerij. De planten en de apparatuer binne yn beslach naam en ferneatige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)