Amsterdammer ynbrekker pakt
In 29-jierrige ynwenner fan Amsterdam is fannacht yn Ljouwert oppakt om't er ynbrutsen hie yn in wenhûs oan de Menamerstrjitte. Tsjûgen hiene sjoen dat twa minsken besochten deryn te kommen en warskôgen de plysje. Dy gie achter de twa oan.
De Amsterdammer waard oanholden by it Europaplein. By syn flecht hie er ûnder oare laptops en spulkompjûters fuortsmiten. De plysje trof by de man ynbrekkersark, digitale kamera's en mobile tillefoans oan. Al it guod is yn beslach naam. De fertochte sit fêst op it buro.
De twadde ynbrekker wist te ûntkommen.