Motorrider ferwûne by Boksum
In 21-jierrige motorrider út Boksum is moandeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok by syn wenplak. De man gie op de Hegedyk troch noch ûnbekende oarsaak mei syn motor ûnderút. Hy hie gjin beskermjende motorklean oan, mar allinnich in koarte broek.
It slachtoffer hie ferskate ferwûnings. Hy moast mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert.