Nepwapen op skoalle

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat moandeitemiddei op in skoalle yn Ljouwert in 14-jierrige jonge út dy stêd oanhâlden foar ferbean wapenbesit. Under de gymles fûl it wapen út syn tas wei. It gie om in neimakke wapen dat hiel bot liket op in echt wapen.
De ûnderwizeres belle de plysje. Dy hat de jonge út de les helle en meinaam nei it buro. Dêr is er ferheard. Neidat er proses-ferbaal krigen hie, mocht de jonge nei hûs ta. It nepfjoerwapen is yn beslach naam.