Frjentsjer bliid mei supermerk

It is goed foar de binnenstêd fan Frjentsjer dat it fertutearze gebou oan de Sjaardemastrjitte wer in bestimming kriget. Dat seit wethâlder Bekkema. De middenstanners fine it ek in goede saak dat yn 'e binnenstêd in supermerk bliuwt. De C1000 giet nei de râne fan de stêd en wurdt in Albert Heijn. Undernimmers yn de binnenstêd hoopje dat de nije Poiesz foar mear oanrin soarget.
Yn it gebou dêr't de Poiesz komt, siet foarhinne in Super de Boer. Dêrnei stie it jierrenlang leech fanwege in skeel mei in projektûntwikkeler.