Plysje fynt himpkwekerij

18 jun 2013 - 08:58

Yn de Pottenbakkersstrjitte yn Snits hat de plysje moandei in himpkwekerij ûntdutsen. Dy waard oantroffen nei anonime tips. Yn de kwekerij stiene goed 700 planten. Dy binne tagelyk mei de apparatuer yn beslach naam en ferneatige. De stroom foar de kwekerij waard legaal ôfnaam. Der is gjinien oanhâlden.

De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de eigener fan it gebou dêr't de himpkwekerij oantroffen waard.

Trefwurden: 
Snits himp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)