Debat oer weryndieling Harns

Twahûndert minsken wiene moandeitejûn yn sealesintrum Trebol yn Harns. Dêr wie in debat oer de weryndieling. It is it lêste debat foar it referindum fan woansdei. Partijen út 'e Harnzer ried koene noch ien kear hearre litte wat se fine. Der wurdt sprutsen oer in fúzje mei bygelyks Menameradiel, Frjentsjerteradiel en It Bilt.
De ried is bot ferdield oer de weryndieling sels. No woansdei is it oan 'e boarger om syn miening hearre te litten.