Ofspraken oer wenningbou

Mear gearwurking tusken gemeente, wenningboukorporaasjes en boargers. Moandeitemiddei tekene wethâlder Gea Akkerman fan de gemeente Súdwest-Fryslân in oerienkomst mei de fiif korporaasjes yn 'e gemeente. Dêryn sizze se mear nei elkoar en de boargers harkje te wollen.
Neffens de korporaasjes en gemeente is der minder jild foar wenningbou. Dêrom wolle se harren mear rjochtsje op de kwaliteit fan it wenjen. De fiif korporaasjes binne Accolade, WoonFriesland, Elkien, De Wieren en Wonen Zuidwest Friesland.