Ambassadeur fytsfeiligens

Boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel sil him as ambassadeur ynsette foar de fytsfeilichheid. Hy hat moandei mei seis oare boargemasters út it lân in bondel mei foarbylden fan effektive maatregels krigen út hannen fan minister Schultz van Haegen.
Fytsers binne faak slachtoffer fan in ûngelok. De bedoeling is dat oan 'e ein fan dit jier de gemeenten in plan fan oanpak hawwe. De oare gemeenten dy't meidogge, binne Zoetermeer, Helmond, Amersfoort, Dronten, Oldambt en Delft.