Nij kuierpaad by Haskerdiken

14 jan 2012 - 10:46

De doarpen Haskerdiken en Nijbrêge krije in kuierpaad troch it bosk by de doarpen. Mear as 40 frijwilligers en meiwurkers fan Lânskipsbehear binne sneon oan it seagjen, kappen, opromjen en oanbringen fan houtsnippers. De rûte slút oan op it besteande Jabikspaad. En der wurde fjouwer sirkels yn it bosk kape mei de letters DODO. Dy herinnerje oan in monnik dy't yn 1200 op dit plak wenne. De namme moat aanst út de loft wei op Google Earth te sjen wêze.

It projekt makket ûnderdiel út fan de Reis 2018 fan Kulturele Haadstêd 2018 en wurdt der mei troch betelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)