PVV: Wynmûneplan útstelle

17 jun 2013 - 14:47

De steatefraksje fan de PVV ropt Deputearre Steaten op om op te hâlden mei de provinsjale wynmûneplannen. De partij slút dêrmei oan by de foarstellen fan it Centraal Planbureau. Dat seit dat de lanlike plannen om mear wynmûnen op lân te bouwen it bêste fiif jier útsteld wurde kinne.

Neffens it CPB is der troch de ekonomyske krisis minder fraach nei enerzjy. Utstel fan de plannen is geunstich, seit it CPB. Dan hoecht der minder subsydzje jûn te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)