Gjin ferfolging deasjitten hûn

17 jun 2013 - 11:13

De plysjefrou dy't op 4 juny yn Appelskea in hûn deaskeat, wurdt fierder net ferfolge. Technysk ûndersyk had útwiisd dat de frou út needwar hannele en harsels mei it fjoerwapen ferdigenje mocht.

De aginte en har plysjehûn waarden op de Drentseweg oanfallen troch mei-inoar trije hûnen. De plysjehûn rekke dêrby swier ferwûne. Uteinlik skeat de plysjefrou ien fan de hûnen dea. De twa oare bullterriërs wurde net ôfmakke. Der binne neffens de plysje gjin oanwizings dat de eigener fan de trije hûnen de bisten moedwillich fan it hiem litten hat.

De gemeente Eaststellingwerf sil no besjen oft de hûnen permanint oan 'e rym moatte en ferplichte in beskerming om de bek krije moatte sadat se net bite kinne. Dat jildt as se bûten it eigen hiem komme. Oars foarje se in gefaar foar de omjouwing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)