Túnkontrôle hierhuzen

17 jun 2013 - 10:23

Wenningkorporaasje Thús Wonen sil de kommende wiken de tunen fan hierders yn Dongeradiel, Dantumadiel en Kollumerlân ynspektearje. Dat dogge se mei fertsjinwurdigers fan de gemeenten en de doarpen en de hierdersferiening. Sjoen wurdt oft de túnen goed ûnderhâden binne. Hierders dy't it goed foar elkoar hawwe, krije fan in komplimintekaart. As de tún der net goed by leit, krije minsken in kaart mei de fraach dêr wat oan te dwaan.

De túnynspeksjes binne ûnder oare yn Burdaard, Broeksterwâld, Aldwâld en Kollumersweach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)