Koning mei Metec fierste sterk

16 jun 2013 - 18:44

Peter Koning út Venhuizen hat snein de Ronde fan Súdeast-Fryslân wûn. Mei syn ploechmaten fan Metec wie er oppermachtich yn de 176 kilometer lange koers. Fan it begjin ôf wie it tempo heech en ûnstie der in kopgroep fan úteinlik trettjin man. Dêr siet de hiele Metec formaasje mei seis man by. Alle Fryske hurdfytsers hiene de slach mist. Yn de lêste tritich kilometer naaiden Koning en syn ploechmaten Elmar Reinders en Joey van Rhee út. Yn dy folchoarder kamen se mei de earms omheech kalm oer de einstreek op de Boskberch yn Appelskea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)