Folk let belutsen by Sionsberg

14 jan 2012 - 09:38

De befolking is neffens PvdA-Twadde Keamerlid Eelke van der Veen fierstente let belutsen by de takomstplannen fan sikehûs De Sionsberg. Dêr driget de saneamde akute help te ferdwinen en in ferskraling fan oare funksjes lykas de help by de berte fan poppen.

Van der Veen wie mei twa kollega-keamerleden te gast op in ynformaasjegearkomst fan alle belutsenen foar de lanlike en provinsjale polityk. Takom wike moat der in nij plan lizze fan it sikehûs wêryn nei alle gedachten in soad klam lein wurdt op mear gearwurking mei oare sikehuzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)