Epke pakt NK titel op brêge

16 jun 2013 - 17:38

Turner Epke Zonderland hat op it NK turnjen yn sportpaleis Ahoy Rotterdam de titel helle op de brêge. Hy hie in skoare fan 15.500. Hy turne in basisoefening, mar ek doe wie hy fierút de bêste. De titel op de brêge is de tredde Nederlânske titel foar de turner fan De Lemmer op rige. It wie foar it earst sûnt de Olympyske Spelen yn London dat Zonderland meidie oan in wedstryd. Twadde op brêge waard Casimir Schmidt mei 13.950. It brûns wie foar Jorian Ilbrink mei 13.900 punten.

Trefwurden: 
Epke Zonderland NK turnjen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)