'Goed gefoel oer Olympiade'

16 jun 2013 - 15:01

Sporters dy't sneon meidien ha oan de Fryske Olympiade binne posityf oer it evenemint. Ek de organisaasje sjocht mei in goed gefoel werom. It waar wie wol in bytsje spulbrekker. Sa koe it skûtsjesilen net trochgean fanwege de hurde wyn. Ek moast it fierljepprogramma ynkoarte wurde troch de hurde wynpûsters. Keatsers ha oanjûn dat se yn it ferfolch graach wat earder ynformaasje ha wolle oer de ranking. It tal besikers foel ek ôf. De organisaasje wol fan de Fryske Olympiade in jierliks evenemint meitsje.

Trefwurden: 
Fryske Olympiade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)