Oanpak driigjend fallisemint

De ekonomyske krisis twingt rjochtbanken ta in nije oanpak by it fallyt gean fan bedriuwen. De rjochters beneame saneamde stille bewâldfierders. Dy wurde earder belutsen by in driigjend fallisemint, sadat se better beoardiele kinne oft der in trochstart komme kin. Mear banen soene dêrtroch behâlden wurde kinne by sa'n bedriuw yn need. It beneamen fan stille bewâldfierders stiet net yn de wet, mar de rjochtbanken ûndernimme aksje, no't der in rekôroantal bedriuwen oer de kop giet.
Ek by de rjochtbank yn Ljouwert wurdt eksperimintearre mei stille bewâldfierders. Advokaat en kurator Robert Verdonk is posityf oer it middel, al moatte se njonken de trochstart fan in bedriuw ek de belangen fan de krediteuren net út it each ferlieze.