Man yn it wetter rekke

16 jun 2013 - 11:49

In noch ûnbekende man is sneintemoarn yn Frjentsjer yn it wetter rekke. Dat wie oan de Jan Piebengastrjitte. In frou seach it gebeuren, dûkte it wetter yn en helle de man derút. In oar belle de ambulânse. Dy hat de man nei it sikehûs brocht. Syn tastân is neffens de plysje soarchlik. It is noch net dúdlik hoe't de man yn it wetter rekke is. De frou rekke by de rêdingsaksje ûnderkuolle. Se hoegde net nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)