Bromfytser ferwûne by ûngelok

In 19-jierrige man út Hoogeveen is sneontejûn ferwûne rekke by in oanriding yn Drachten. It slachtoffer ried op syn bromfyts oer de krusing fan de Grietmansrecht en Geelgorsstrjitte doe't er yn botsing kaam mei in auto. De bromfytser hat troch de klap nei alle gedachten in earm brutsen. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.
De 46-jierrige autobestjoerster út Drachten kaam mei de skrik frij.