Helmholt wint fierljeppen

15 jun 2013 - 17:47

Bart Helmholt hat sneon op de Fryske Olympiade it fierljeppen wûn. Hy sprong in ôfstân fan 20 meter 46. Dat is de fierste ôfstân fan it seizoen oant no ta. Net alle sprongen koene makke wurde. Troch de hurde wyn is it programma ynkoarte. Oane Galama waard twadde mei in sprong fan 18.45. By de froulju wie Hillianne van der Wal de bêste. Se sprong in nij pr fan 16 meter 13.

By de junioaren gie de oerwinning nei Age Hulder: 17.10. Bêste by de jonges wie Bobby Zwaagman. Hy sprong 16,95. Alle dielnimmers oan it fierljeppen binne entûsjast oer it evenemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)