Ekstra tinte foar manljuskoar

By de Grutte Tsjerke yn Ljouwert is in tinte delsetten foar it grutte tal besikers dat ferwachte wurdt by it konsert fan it Urker manljuskoar. It ferneamde koar jout sneontejûn yn de tsjerke in optreden. De tagong is fergees. Dit yn it ramt fan Leeuwarden2018, Kulturele Haadstêd. Omdat yn de tsjerke 500 minsken kinne en der folle mear ferwachte wurde, is de tinte bûten pleatst. Besikers kinne it konsert dan fia in grut skerm folgje.