Tanker wer feilich yn haven

15 jun 2013 - 14:45

De gasoaljetanker Elize V leit wer yn de haven oan de kade. De tanker wie sneontemoarn betiid neist fargeul De Boontjes oan de grûn rûn. In part fan de 1800 kúb gasoalje is út it skip pompt sadat it wat heger kaam te lizzen. Doe't it heech wetter waard, koe it skip op eigen kracht nei de haven fan Harns farre. Dêr wurdt no besjoen oft it skip ek skea oprûn hat. It skip hat gjin oalje lekt en de oare skipfeart hat gjin lêst hân fan it skip, omdat it bûten de fargeul lei. Wat de oarsaak fan it fêstrinnen west hat, wurdt ek noch ûndersocht.

Trefwurden: 
Harns Waad tanker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)