Fryske Olympiade iepene

15 jun 2013 - 13:20

Deputearre Tineke Schokker hat sneon de offisjele iepening dien fan de Fryske Olympiade yn Burgum. Fan 13.00 oer ôf wurde de finales spile. Der is fierljeppen, en keatsen. Troch de hurde wyn giet it skûtsjesilen net troch. De Fryske Olympiade wurdt foar it earst hâlden. Troch it minne waar fan sneontemoarn wie it oan it begjin fan de middei noch rêstich op de tribunes. De organisaasje hoopt dat der trije tûzen besikers op it evenemint ôf komme.

Trefwurden: 
Fryske Olympiade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)