Twadde dei fan de Olympiade
De earste Fryske Olympiade yn Burgum giet sneon de twadde dei yn. Freed wiene it de bern dy't folop oan it sporten wiene. Op sneon komme Fryske topfierljeppers, keatsers en skûtsjesilers yn aksje. Doel fan de Olympiade is om de Friezen te ferbinen.
Fan it parkearterrein ôf rinne de besikers earst oer it Kultuerpaad, dêr't teater en dûns útfierd wurdt troch de studinten fan de oplieding D'Drive. Op it Olympiade-terrein is ek noch fan alles te dwaan.