Tankskip fêstrûn by Harns

Krekt bûten de haven fan Harns is sneontemoarn betiid de gasoaljetanker Elize V. fêstrûn. De tanker leit bûten fargeul de Boontjes op de rûte Harns-Koarnwertersân en der is dan ek gjin gefaar foar de skipfeart. It skip hat goed 1800 kúb gasoalje oan board en foar de wissichheid is der in oaljeskerm omhinne lein. Tusken 12 en 2 oere sneontemiddei is it heech wetter en sil besocht wurde it skip los te krijen. Oer de oarsaak fan it fêstrinnen is noch neat bekend. Rykswettersteat is by de tanker om de situaasje yn de gaten te hâlden.