De Jouwer is haadklasser

Trainer Gerrie Schouwenaar © awfoto.nl
Sportklup De Jouwer is takom seizoen sneinshaadklasser. No snein soe De Jouwer de lêste wedstriid foar promoasje spylje tsjin Sportferiening Deurne. Dy wedstriid is skrast troch fuotbalbûn KNVB. Dat komt omdat Alphense Boys it heger berop ferlern hat. Dy ploech is troch in fjochtpartij tsjin Haaglandia weromset nei de earste klasse. De Jouwer wurdt no haadklasser, Deurne bliuwt yn dy klasse. De Jouwer treft takom seizoen Snits Wyt Swart en FVC yn de haadklasse. Foar trainer Gerrie Schouwenaar in moai ôfskie, hy wurdt trainer yn Libië.