Strânride Skylge mei trochgean

It nije fergunningstelsel om mei in auto op it strân fan Skylge te riden is sa goed slagge, dat de gemeente der mei trochgiet. It giet om Skylgers en toeristen dy't mei fourwheeldrives it strân op wolle. Dat mei allinnich yn de perioade tusken 1 novimber en 1 april. Der binne de ôfrûne winter 933 fergunnings útjûn. Mear oanfragen wiene der net. Yn de krystfakânsje wie in part fan it strân oerdei ferbean foar auto's en ek dat gie sûnder klachten. Der wurdt no besjoen oft der yn oktober jûns en yn de nacht op it strân riden wurde mei.