Belvédère keapet Van Althuis

14 jun 2013 - 20:01

Museum Belvédère yn Oranjewâld is eigener wurden fan it skilderij 'Bruggetje over de Linde' fan de Fryske skilder Willem van Althuis. Dat is freedtejûn bekend makke by de iepening fan de eksposysje oer it wurk fan Van Althuis. It skilderij koste 6500 euro en dat jild is troch 86 donateurs op it kleed brocht. Meastal dogge musea in berop op stiftingen lykas Ottema Kingma as der wurk oankocht wurde moat. Dizze kear keas de direksje foar crowdfunding. En dit is sa goed befallen, dat it faker dien wurde sil. De eksposysje rint oant 1 septimber

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)