Minder seizoenkaarten H'fean

SC Hearrenfean hat 10 persint minder seizoenkaarten ferkocht as ferline jier om dizze tiid, dat seit kommersjeel direkteur Joost Steppé. "Vorig jaar hadden we ongeveer 16.000 seizoenkaarten verkocht, nu zitten we op ruim 14.000". Neffens Steppé hat de folsleine earedivysje mei in delgong te krijen. "Het is een trend dat alle clubs wat seizoenkaarten betreft een behoorlijke jas uit moeten doen."
Op 'e webside fan SC Hearrenfean stiet de útkomst fan ûndersiken útfierd troch it KNVB nei de tefredenheid fan supporters en sponsors oer it ôfrûne seizoen. Dy binne fan ein 2012 begjin 2013. Dat is dus noch fan foar de reboelje fan de lêste wiken. Ut it ûndersyk docht bliken dat sawol supporters as sponsors tige tefreden binne. Supporters wurdearje SC Hearrenfean as in waarme klup en sponsors sjogge it as in mearwaarde om relaasje by SC Hearrenfean te wêzen, sa seit it ûndersyk. Neffens de direksje fan sportklup Hearrenfean is foaral de ekonomyske krisis de oarsaak fan de delgong yn it oantal sponsors.