Deputearre bliid mei útstel

14 jun 2013 - 15:39

Deputearre Hans Konst is bliid mei it útstel fan it ûndersyk fan it reedrydbûn KNSB en NOC*NSF nei de finansjele ûnderbouwing fan de plannen foar in nij Thialf. Neffens him hat de provinsje sels om it útstel frege. Fanwege de grutte belutsenheid fan de steaten en de ynwenners fan Fryslân by de plannen wol Konst dat de útkomst goed bepraat wurde kin. By de eardere datum, 8 augustus, wie dat net maklik, omdat in soad minsken dan noch op fakânsje binne. Mei 8 septimber is dêr mear tiid foar.

Konst tinkt dat Thialf better út it ûndersyk komme sil as de plannen foar de iisbanen yn Almere en Zoetermeer. Neffens him is de finansjele ûnderbouwing fan dy plannen minder solide as dy fan Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)