Betinker Icedôme feroardiele

Folkert Buiter, de betinker en inisjatyfnimmer fan Icedôme yn Almere, is ferline wike troch it gerjochtshôf yn Ljouwert feroardiele. De feroardieling is in befêstiging fan in eardere útspraak yn 2007 fan de rjochtbank yn Lelystêd. Buiter moat sa'n oardel miljoen euro skeafergoeding betelje oan syn eardere sakepartners by bedriuw Metafoor yn Almere. As sekerheid is al sûnt 2007 foar 1.9 miljoen euro beslach lein op syn hûs yn Almere. De feroardieling fan Buiter hat ûnder oare te krijen mei wanprestaasje. Buiter wol sels net reagearje.