'Jou wurknimmers de romte'

Undernimmers moatte, seker yn dizze drege tiden, besykje om de wurknimmers mear frijheid te jaan en mear by it bedriuw te belûken. Dat smyt folle mear op as alles fan boppen oan te stjoeren. Dat seit ûndernimmer en managementboekauteur Leen Zevenbergen. Hy spruts op in seminar fan acht Fryske bedriuwen.
Zevenbergen fynt dat bedriuwen wurknimmers dy't net motivearre binne en allinnich foar de feilichheid nei it wurk komme, ferfange moatte. En út motivearre minsken is folle mear te heljen, fynt er.